Barbecue (partij)
Barbecue(partij) mei partij tusken heakjes want it wie net een barbecue partij mar in barbecueparty. De partij, it keatsen, gong fanwege striemin waar net troch. It fleisch foar de barbecue wie al ynslein, dus de after party gong wol troch.
En dêr hawwe we gjin spyt fan hawn!
Om in oere of fiif klearre it waar op, eltsenien dy’t him ynskreaun hie, en dat wiene d’r mear as 80 persoanen, koe droech de tinten fan Jan Watze Wiersma berikke. Bûten de tinte wie it fris, mar yn de tinte koe de jas wol út. Jan Watze en Jolanda hienen de tinten prachtich ynrjochte mei tafels, sitsjes en d’r wiene kachels. De catering wie ek troch Wiersma fersoarge, dit wie tige ynoarder. Lekker fleisch, salades, stokbôlle ensf. it koe net better. It wie dan ek in smûk en gesellich barren dat takom jier fêst wer op de aginda komt te stean, allinne gean we d’r fanút dat d’r dan ek keatst wurdt en in springkessen foar de bern op it sportfjild stiet.
Geplaatst op 13 May 2014